Sotsji, dei 4: Shorttrack

10 feb 2014 - 07:29

Hjoed binne earst de shorttrackers oan bar yn it Iceberg Skating Palace. Sjinkie Knegt fan Bantegea sil fan 10.45 oere ôf besykje de finale te berikken op de 1500 meter. Dy finale wurdt hjoed ek ferriden en begjint krekt nei 13.00 oere.

Tuskentroch om 12.30 oere komt noch de ôflossingsploech yn aksje op de 3000 meter. It giet hjir om de heale finale. Rianne de Vries fan Lúnbert is opnaam yn dizze ploech, mar it is net wis oft se ride sil. Se is reserve, mar neffens ferslachjouwer Roelof de Vries binne der sinjalen dat se toch meidwaan mei.

Dizze middei wurdt der ek noch 'gewoan' reedriden yn de Adler Arena en wol de 500 meter. Under oaren Jan Smeekens fan Snits moat oan de bak. De dielnimmers moatte twa kear de ôfstan ride en dy wedstriid begjint om 14.00 oere. By de Spelen fan 2010 yn Vancouver waard Smeekens sechsde.

Sjoch hjir foar it skema fan de 1500 meter shorttrack.

Sjoch hjir foar it skema fan de 3000 meter ôflossing.

Sjoch hjir foar it skema fan de 500 meter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)