Aksje Sosjale Wurkfoarsjenning

Meiwurkers fan sosjale wurkplakken yn it hiele lân komme moarn yn aksje yn Den Haag. Dêr wurdt in grutte manifestaasje hâlden. Ut Fryslân wei geane meiwurkers fan Caparis nei de manifestaasje. Reden foar de aksje binne de soargen dy't der libje oer de ynfiering fan de nije partisipaasjewet, de CAO en it pensjoen. Grutste punt fan soarch binne de drastyske besunigings dy't it kabinet trochfiere wol.
Neffens de fakbûnen giet de partisipaasjewet te'n koste fan de minsken fan de sosjale wurkfoarsjennings.
Sy binne benaud dat se aansten tusken wâl en skip falle en yn de de kaartebak fan de gemeente telâne komme. Dan is de kâns grut dat se dreech wer oan wurk komme troch harren beheining.