Ferlies follybalfroulju Snits

09 feb 2014 - 18:08

De follybalfroulju fan Snits hawwe snein mei 3-2 ferlern fan Set Up. Yn it Twentse Ootmarsum begongen de Snitser froulju net skerp oan de striid. In 17-9 efterstân waard yn de earste set lykwols omdraaid yn in 23-25 setwinst. Ek de twadde set gong mei 21-25 nei de Snitsers.

Yn set trije brocht Set Up mei 25-16 de spanning werom yn de wedstriid. Ek de fjirde set gong nei de thúsploech (25-19). Yn de fyfde en beslissende set wie it úteinlik Set Up dat de einoerwinning pakte mei 15-12.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)