Swierbefochten winst foar SCO

De kuorballers fan SCO ha snein in swierbefochten 22-21 oerwinning pakt op de nûmer lêst Wageningen. Yn Wolvegea begong Wageningen fol fjoer oan de wedstriid. Al gau seach de ploech fan Hillebrand Diever tsjin in 0-3 efterstân oan. SCO fjochte him lykwols knap werom oant 10-12.
Nei it skoft wreide Wageningen de marzje út nei in gat fan seis (11-17). SCO joech him net ferlern en kaam opnij werom oant 21-21. Yn in spektakulêr slot soarge Connie Oosterhof yn ekstra tiid mei in ôfstânskot foar de swierbefochten oerwinning.
SCO stiet no op 9 punten út 11 wedstriden en bliuwt boppe de line fan degradaasjekandidaten stean. Troch de oerwinning nimme de Aldeholtpeasters ôfstân fan de nûmer 7 KVA en de nûmer lêst Wageningen.