Blog: Nijpels en Jorritsma

09 feb 2014 - 12:07

It sil sa'n acht jier lyn west ha. Ik wie ferslachjouwer by it nijs en it earste ljipaai wie fûn. Ik mocht foar de radio nei Hitsum. Machtich moai man, hartsikke grutsk en middeis nei it provinsjehûs om te sjen oft it aai wol echt is. Dat docht de kommissaris fan (doe noch) de Keninginne altyd. Dat wie doe Nijpels. De redaksje hie ôfsprutsen om 16.05 oere dit live te dwaan op de radio en Nijpels wie akkoart. Om 15.55 komt Nijpels lykwols de seal yn en begjint mei syn speech. Noch by de earste skrik, hear ik op myn koptillefoan: "Underbrek him mar, dit ha we net ôfsprutsen." Ik sis dat we dochs de ôfspraak makke ha om tsien minuten letter te begjinnen, sadat minskien thús ek meigenietsje kinne. "Niks mee te maken," seit Nijpels en hy giet gewoan troch.

Juster hie ik in ôfspraak mei de kommissaris fan de Kening fan no: John Jorritsma. Ik hie him al in pear kear sprutsen en dat gong prima. Ik stean oan de súdkant fan it stadion en de 5000 meter soe hast begjinne. Ik freegje oan syn wurdfierder oft se dizze kant ek oprinne wolle. Ik fertel boppedat dat ik hastich bin, in dik ankel ha en in swiere koffer. Mar nee, dat koe net. Doe't ik dochs har kant op gong, die bliken dat se maklik nei my ta rinnen koene.
We begjinne mei it ynterview. Hoe is it hjir, fan fine jo der fan, wat foar wedstriden sille jo sjen? Mar ja, ik moat it toch ek efkes oer de krityk ha. Der binne nochal wat minsken dy't de reis in snoepreiske neame. Sels yn de Steaten binne der guon dy fine dat Jorritsma dêr neat te sykjen hat. Wat ik der fan fyn, wit ik eins net. It kin miskien nuttich wêze, mar wat ik fyn makket ek neat út.

Neidat it ynterview wat trochkabbelet, kom ik by de fraach: "Is dit in snoepreiske?" Ik sjoch fuort it fjoer yn de eagen fan Jorritsma. "Wat in flauwekul. It is noait goed. Dêr gean ik net op yn." Mar wat dogge jo hjir dan? "Ik bin de ambassadeur fan Fryslân. En as jo dat net begripe, dan moat jo mar werom nei skoalle?" Ik stie perpleks. Falt hy my no oan of bedoelt hy de minsken dy't dizze krityk ha? Nei skoalle wer werom? "Ja, ik ha it sein." Ik reagearje ek dat it net om my giet, mar dat ik troch de krityk de fraach wol stelle moat. Mar Jorritsma is der "klear meï".
Ik snap it net. Wêrom sa fûl? Wêrom sa reagearje? Je witte toch dat je sokke fragen ferwachtsje kinne? Nei it petear besykje ik it noch út te lizzen, dat ik dy fraach dochs echt stelle moast, mar ik krige net it idee dat de kommissaris der in soad begryp foar hie. Spitich! It hie sa'n leuk ynterview wêze kind. Moaie reklame foar Fryslân op in Frysk medium. Yn Sotsji.

Lês hjir it foarige blogberjocht oer myn dikke ankel of gean werom nei de haadside fan ús blog.

Trefwurden: 
argyf Olympyske Spelen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)