Plysje krijt klap yn Dokkum
Yn Dokkum is in plysjeman sneontenacht ferwûne rekke by in oanhâlding. De plysje joech ynwenner (20) fan Dongeradiel in bekeuring foar wyldpisjen. De man skold de plysjes út en waard dêrom oanhâlden. De man fersette him dêr bot tsjin. In freon fan de man besocht syn freon te befrijen. By de wrakseling krige in plysje in klap yn it gesicht. Hy rekke licht ferwûne.
De 24-jierrige freon fan de wyldpisser is ek oanhâlden. Beide manlje binne fêstset.