Ingwierrum: drankrider betrape
De plysje hold sneontejûn yn Ingwierrum in auto oan omdat de ljochten it net goed diene. By it iepenjen fan it rút kaam de plysje in dranklucht temjitte. De 21-jierrige autobestjoerder hie yndie tefolle dronken.
De man hat proses-ferbaal krigen.