ELP 'sloopt' winkel Drachten

De ludike 'sloopaksje' fan de ELP
Minsken fan de ELP, de Eerste Lokale Partij Smellingerlân, hawwe sneon in symboalysk begjin makke mei it slopen fan in winkelpân oan de Suderbuert yn Drachten. It doel is om sa in ferbining te meitsjen tusken de winkelpromenade fan de Suderbuert en de nijbou op it Riedhúsplein.
De ELP fynt it ûnsin om in advysburo yn te hieren om te ûndersykjen wat de bêste kuierrûtes binne. De partij tsjinnet in moasje yn. Dy wurdt tiisdei 11 febrewaris behannele yn de riedsgearkomste fan Smellingerlân.