Ljouwert: oerfal op autorider

Op de Eastergreftswâl yn Ljouwert is sneontejûn in autorider yn syn auto oerfallen. Twa manlju stapten by de Ljouwerter (27) yn de auto. Under bedriging fan in wapen spuiten se him in bitende floeistof yn de eagen en easken jild. Yn panyk trape de bestjoerder it gaspedaal yn. Fia in steechje ried de auto de Eastergreftswâl oer en bleau heal boppe it wetter hingjen.
De twa oerfallers binne útstapt en naaiden út. It slachtoffer kaam mei de skrik frij. De dieders binne noch net fûn.