Sotsji, dei 3: 3 km froulju

09 feb 2014 - 10:22

Snein komme de reedrydfroulju foar it earst yn aksje. Om 12.30 oere stiet de 3 kilometer op it programma, ek wer yn de Adler Arena. Fryske dielnimmers binne Antoinette de Jong fan Rottum en Ireen Wüst fan It Hearrenfean. De froulju hawwe sneon knap lotte: Wüst komt yn de foarlêste rit yn aksje tsjin Shiho Ishizawa, De Jong yn de lêste rit tsjin Masako Hozumi.

Wüst wûn yn 2006 op de Olympyske Spelen yn Turijn ek al goud op de 3 km. Se wie doe mei 19 jier de jongste Nederlânske winner fan in gouden medalje op de Winterspelen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)