Speechrekôr foar Rob Jonkman

Wethâlder Rob Jonkman fan Opsterlân is de nije wrâldrekôrhalder speechen. Hy spruts op in tel nei 34 oeren efter inoar. Dat is hast in kertier langer as it âlde rekôr. Dat wie yn hannen fan in Yndiër.
Jonkman sammele mei de aksje jild yn foar de Ronald mc Donald Hoeve yn Beetstersweach. Dat die hy troch bedriuwen en ynstellings sprektiid keapje te litten. In oar doel wie om publisiteit te krijen foar de kommende riedsferkiezings yn maart. Hoefolle jild ophelle is, wurdt letter bekend makke.