Sulver foar Schulting op 1500m

Suzanne Schulting © awfoto.nl
De 16-jierrige Suzanne Schulting fan De Tynje hat sneon it sulver pakt op de 1500 meter by it NK allround foar junioaren B yn Tilburg. De winst op de 1500 meter gong mei oermacht nei Femke Markus. It brûns wie foar Isabella van Elst. Earder op de dei pakte Schulting al it brûns op de 500 meter. Dione Voskamp wûn de nasjonale titel op de koartste ôfstân. It suvler wie foar Van Eslt. Snein wurde de 1000 en 3000 meter ferriden.