Kening: Een topprestatie!

08 feb 2014 - 15:38

'We hebben net als alle andere Friezen enorm genoten. Een Friese topprestatie!' Dat sei Kening Willem-Alexander nei ôfrin fan de 5 kilometer yn Sotsji oer de gouden race fan Sven Kramer tsjin ferslachjouwer Roelof de Vries fan Omrop Fryslân. Keninginne Máxima moast laitsje, doe't se de mikrofoan fan Omrop Fryslân seach.

De Kening en de Keninginne beseagen de 5 kilometer yn it selskip fan IOC-lid Camiel Eurlings en premier Mark Rutte. De Nederlânske riders Kramer, Bergsma en Blokhuijsen waarden entûsjast oanmoedige.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)