Kramer: 'In race út it boekje'
'In race út it boekje', sa betitelet Sven Kramer syn gouden race op de 5 kilometer yn Sotsji. Kramer wûn sneontemiddei 'syn' 5 kilometer yn in tiid fan 6.10.76 en prolongearret dêrmei syn Olympyske titel fan 2010. 'Ik ha de hiele wike oan in tiid fan 6.10 tocht', liet Kramer nei ôfrin witte.
Nei eigen sizzen dreamde de rider fan It Hearrenfean sels oer rûntsjes fan 29,2. 'Ik ha it hiele jier goede ritten riden, mar no gong it om de ultime race. Dit is sa moai. Ik ried sa goed, sa flak. Better koe eins net.'
Sven is fan doel om in 'lyts feestje' te bouwen. Dat feestje sil nei alle gedachten bûten it appartemintekompleks fan de Nederlânske reedridersploech plakfine, want Ireen Wüst hat har sliep hurd nedich. Sy stiet snein oan de start fan de 3 kilometer.