Jorritsma begrypt krityk net

08 feb 2014 - 14:32

Kommissaris fan de Kening John Jorritsma snapt net dat der krityk is op syn reis nei de Olympyske Spelen yn Sotsji. Yn in ynterview mei Omrop Fryslân reagearret er yrritearre. Jorritsma: 'Je kinne it noait goed dwaan. Geane je net, dan freegje minsken har ôf werom't der net ien oan it lobbyen is. Geane je al, dan wurde dêr ek wer fraachtekens by set'.

Jorritsma is der mei Thialfdirekteur Elko Derks. Se binne yn Sotsji oan it lobbyen foar de posysje fan Thialf. Neffens de kommissaris is der perfoarst gjin sprake fan in snoepreiske.

De lobby is fan grut belang foar de takomst foar de eigen Fryske iistempel, sa seit Jorritsma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)