'Lêsten gemeente net omheech'

Van Haersma Buma op it partijkongres © ANP
De gemeenten meie har belestingen net ferheegje omdat se mear taken krije. Dat hat partijlieder Sybrand van Haersma Buma sneon sein op it CDA-partijkongres yn Maarssen. Buma fynt dat it kabinet de gemeenten in soad wurk dwaan litte wol, wylst dêr net genôch jild foar beskikber is. 'De belestingen meie net omheech, omdat it kabinet de problemen oer de skutting smyt', sa seit Buma.
It CDA sil allinnich ynstimme mei mear taken foar de gemeenten as de lêsten foar de boarger net omheech geane. It kabinet moat dat earst oantoane, fynt it CDA.
It CDA-kongres is bedoeld as opwaarmerke foar de gemeenteriedsferkiezings fan maart.