Hells Angels oppakt op Weaze

08 feb 2014 - 11:07

Trije leden fan motorklup Hells Angels binne yn de nacht fan freed op sneon oppakt foar mishanneling yn in kafee op de Weaze yn Ljouwert. It giet om in 52-jierrige man út Seisbierrum en twa manlju fan 43 út gemeente De Fryske Marren. Sy soene it slachtoffer yn in keamer boppe it kafee mishannele hawwe troch him te slaan.

It slachtoffer is in 43-jierrige man fan Frjentsjer. Hy is mooglik lid fan motorklup No Surrender fan It Hearrenfean. Hy is yn de ambulânse oan syn ferwûnings behannele. De fertochten sitte noch fêst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)