Ferwûnen by botsing Stynsgea

Twa automobilisten binne freedtemiddei ferwûne rekke by in ûngelok op de Uterwei yn Stynsgea. De oanriding ûntstie doe't in 33-jierige man út Boerum útwike moast foar in auto dy't út in oprit de dyk opried. De Boerumer botste by de útwykmanoeuvre frontaal op de auto fan in 56-jierrige frou út Bûtenpost.
Beide bestjoerders binne mei de ambulânse nei it sikehûs yn Drachten brocht. Hoe't it mei it twatal giet is ûnbekend.