Touchscreen yn OK Hearrenfean

As pasjint krije je der neat fan mei, mar achter in pear nije skermen yn de seis operaasjekeamers kin no effisjenter en feiliger wurke wurde yn sikehûs de Tsjongerskâns op It Hearrenfean. Der is foar in heal miljoen euro ynvestearre om dit te berikken.
It systeem achter de nije skermen soarget der foar dat de bylden dy't makke wurde by operaasjes mei lytse kamera's opslein wurde, wêrnei't je se keppelje oan in elektronysk pasjintedossier. Ko-assistinten kinne yn in aparte keamer meisjen.
Sjirurgen kinne ek in röntgenfoto op de skermen oproppe mei in touchscreen. Fierder binne der minder stekkers en snoeren nedich dy't oars nochal ris foar steurings soargje kinne. De Tsjongerskâns is it iennichste sikehûs yn Nederlân dat mei dit nije systeem wurket.