SC Hearrenfean-NEC op 22 maart

De fuotbalwedstriid SC Hearrenfean-NEC op sneontejûn 22 maart kin gewoan trochgean. De wedstriid soe ferskood wurde fanwege de nukleaire top dat wykein yn Den Haach. Omdat dat wykein net genôch plysje beskikber wêze soe foar de fuotbalwedstriden, namen de boargemasters fan de njoggen spylgemeenten it beslút de wedstriden te ferskowen.
De KNVB en de fuotbalklups wiene net gelokkich mei dit beslút en tekenen protest oan. Freed hawwe de boargemasters wer oerlein. Doe is besletten om guon wedstriden trochgean te litten.
De wedstriid Utrecht-Cambuur giet definityf net troch. Dizze sil no nei alle gedachten op woansdeitemiddei 2 april ferspile wurde.