SC H'fean mist 4 ferdigeners

Sportklup Hearrenfean mist snein yn de útwedstriid tsjin FC Grins mar leafst fjouwer ferdigeners. Kruiswijk, Zomer, Dijks en Raitala binne alle fjouwer blessearre. Trainer Marco van Basten die freed lakonyk oer it ûntbrekken fan de fjouwer linkspoaten: 'We hebben nog wel wat rechtsbenige spelers die het kunnen invullen'. Tsjinoer it ûntbrekken fan de ferdigeners stiet it feit dat alle oanfallers fan Hearrenfean fit binne.
Van Basten hat freed oanjûn dat syn ploech foar it linker rychje giet. Dat jout rjocht op meidwaan oan de play-offs.