Blog: Dik ankel en surrealisme

07 feb 2014 - 15:05

De ôfrûne wike ha ik nochal wat kilometers makke. Justerjûn rûn ik fan it Holland Heineken House nei myn hotel. Seare fuotten en doe gong it mis. Ik klapte troch myn ankel. Trije Russyske plysje-aginten, ynklusyf gummykneppel, kamen my helpen. Earste fraach, yn gebrekkich Ingelsk: "Or joe okay?" Twadde fraach: "Did you drink alcohol?". En de lêste fraach: "Do you need hospitol?"

Super freonlik dus, dy Russen. Mar wol in sear ankel. En dik. Iis der op, mar de folgjende dei noch altyd dik. Ik kin twa fysioterapeuten: Menno Schaafsma en Jillert Anema. Jillert reageart as earste op myn berjochtje. "Ik kom wol efkes del." Twa oeren letter leit Jillert op syn knibbels foar my. Mei tape yn de hannen. "Sorry, ik ha dochs de ferkearde tape meinaam." Man, ik bin al lang bliid datst der bist. De tape giet om myn ankel en it fielt fuort al better. "Ach jong, we ha al traind. En oars ferfele ús hjir toch. Bin bllid dat ik der efkes út kin. Mar no wer fuort, want aanst moat ik mei allegear bobo's prate." Wat in prachtkeardel, dy Jillert.

Mar op dat dikke ankel nei, giet it fierder top. It is in bytsje surrealistyk allegear. Fansels omdat in dream útkomt, mar ek omdat de wrâld dêr't we no yn libje hiel apart is. Alles is nij. Asfalt, hotels, achtbanen, stadions, alles. It is dúdlik net it echte Ruslân. It makket it net minder leuk of sa. Sterker noch, it is fantastysk hjir. Somtiden liket it krekt de Efteling. Sjoch mar nei de foto.

Mar nei alle tariedings bin ik wol bliid dat it moarn begjint. Dêr komme we doch foar. En it moaie is: moarn fuort twa Fryske medaljes. Goud en sulver. Sven Kramer en Jorrit Bergsma. Kramer fansels de absolute favoryt, mar ik slút in ferrassing fan Bergsma net út. Moai man.

Twitter: @Roelofdevries83

Lês hjir it foarige blogberjocht 'It is hjir fantastysk' of gean werom nei de haadside fan ús blog.

Trefwurden: 
argyf Olympyske Spelen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)