Utbraak Norofirus by MCL

07 feb 2014 - 15:00

De berne-ôfdieling fan it MCL-sikehûs yn Ljouwert hat te krijen mei in útbraak fan it Norofirus. It sikehûs hat derom, benammen op de kûveuze-ôfdieling, ekstra maatregels naam. Sa wurdt der better en faker skjinmakke, hawwe meiwurkers ekstra beskermjende klean oan en wurde besikers yn 't foar op de hichte brocht.

Neffens in wurdfierder fan it sikehûs is op dit stuit ien berntsje mei it Norofirus besmet en is de útbraak fierder ûnder kontrôle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)