Undersyk nei brannen Aldegea

De plysje docht ûndersyk nei fjouwer brannen dy't de ôfrûne tiid yn en bûten Aldegea Smellingerlân west hawwe. Yn it doarp wurdt in soad praat oer de brannen by in basisskoalle, in bygebou fan in wenning en in stalling foar ponnys. Tongersdeitejûn gie in âld karavan oan de Goudtsjepoel, dy't brûkt waard as jongereinkeet, yn flammen op.
Yn Aldegea giet it praat dat der faaks in pyromaan aktyf is. De plysje seit fan dizze lûden op de hichte te wêzen. Eltse brân wurdt apart troch de plysje ûndersocht.