Sotsji, dei 1: de iepening

07 feb 2014 - 13:00

De 22ste edysje fan Olympyske Winterspelen yn it Russyske Sotsji stiet op it punt fan begjinnen. Alle dagen hâlde wy jo op de hichte fia ynternet, tv en radio. Op www.omropfryslan.nl ek alle dagen in oersjoch fan wat de dei ús bringt en in analyze fan ús ferslachjouwer yn Sotsji Roelof de Vries.

Hjoed om 17.00 oere Nederlânske tiid giet it spektakel los. Dan begjint de trije-oeren-duorjende iepeningsseremoanje yn it Olympysk Stadion Fisjt, dêr't plak is foar 40 tûzen minsken. Mei-inoar dogge der 41 Nederlanners mei.

Tritich fan harren binne ek by de iepening. Allinne sporters dy't sneon al yn aksje komme, lykas Sven Kramer en Jorrit Bergsma, bliuwe yn it Olympysk doarp. Op de tribune sitte ûnder oaren kening Willem-Alexander en premier Rutte. Jorien ter Mors tilt by de iepening de Nederlânske flagge.

Moarn alles oer de 5 kilometer mei Kramer en Bergsma.

Sjoch hjir alfêst nei it hiele wedstriidskema.
Sjoch hjir nei it wedstriidskema fan de Nederlanners.

Trefwurden: 
Olympyske Spelen Sotsji
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)