Omrin skiedt mear keunststof

07 feb 2014 - 12:38

Offalferwurker Omrin hat yn 2013 yn trochsneed mear as 40 kilo keunststof ferpakkingsmateriaal de húshâlding ynsammele. Dat is 13 kilo mear as yn 2012. Mei-inoar is yn 2013 op Ekopark De Wierde yn Aldehaske 13.500 ton ferpakkingsmateriaal recycle. In jier earder wie dat noch sa'n 9000 ton. De ekstra opbringst komt troch nije techniken. Foar dit jier wurdt der noch in lytse groei ferwachte nei 41 kilo.

Húshâldens smite it jier maksimaal 50 kilo oan keunststof ferpakkingsmateriaal by it ôffal.

Omrin wol foar de takomst probearje sa ticht mooglik by dit getal te kommen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)