Passenheim Wolvegea fallyt

Website Passenheim Wolvegea © Omrop Fryslân
Passenheim Modestad yn Wolvegea hat per direkt de doarren sletten. De kleanwinkel hat it fallisemint oanfrege. In gesprek mei de bank woansdei hat neat mear opsmiten. It personiel fan Passenheim is yntusken op de hichte steld. It bedriuw sit dit jier fjirtich jier yn Wolvegea.
Earder lieten de eigeners Mient Hamstra en Dorris Passenheim noch witte dat se de doarren slute soene yn ferbân mei in drastyske koerswiziging.