Boeregilde wol duorsum buorkje

06 feb 2014 - 21:42

Mei de oprjochting fan in boeregilde wolle fjouwer boeren út de Súdwesthoeke it buorkjen op natoerfreonlike wize stimulearje. Neffens harren falt der ek noch genôch jild te fertsjinjen mei it buorkjen sa as dat in oantal jierren ferlyn barde. Duorsum, lytsskalich en mei each foar ûnder oare it belang fan greidefûgels.

It gilde protestearret dêrmei tsjin de trend yn de feehâlderij om hieltyd grutter te wollen. De fjouwer boeren hawwe ûnderling ôfspraken makke oer hoe't se te wurk gean en hoopje ek fan elkoar te learen.

Doel fan it gilde is boppedat om de molke as in eigen produkt op de merk te bringen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)