Brief fan Crone oan kriminelen

Boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert stjoert in brief nei âlden fan jongeren dy't foar oerlêst soargje yn de wyk Camminghabuorren. De buert hat lêst fan in soad fernielings, mishannelings, stellerij yn winkels en stellerij fan fytsen. De plysje hat 35 jongeren op it each dy't lid wêze soenen fan in kriminele groep.
Dizze gesinnen krije de kommende tiid in brief fan de boargemaster, wêryn't de kriminele aktiviteiten fan har bern beneamd wurde. De gemeente hat al in samenscholingsferbod foar de jongerein ynsteld by it winkelsintrum.