Ireen te sprekken oer Sotsji

06 feb 2014 - 18:10

Ireen Wüst is goed te sprekken oer de fasiliteiten yn Sotsji. It iten, it hotel en ek it iis binne goedkard. Wüst wurdt no al troch de parse beneamd ta 'Keninginne fan de Olympyske Spelen'. Dat moat lykwols noch blike, seit se sels mei klam. Wüst sil snein foar it earst yn aksje komme op de 3 kilometer.

Ek Rintje Ritsma is yn Sotsji. Hy sil de kommende wiken analyzes fersoargje foar de NOS. Ritsma is lykas Wüst tefreden oer de akkommodaasjes yn Ruslân. Hy ferwachtet dat de Nederlânske riders sa'n 5 of 6 gouden medaljes helje kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)