Opnij baneferlies by Alliade

06 feb 2014 - 17:53

By soarchgroep Alliade wurde per 1 jannewaris 2015 nochris 57 banen skrast. By de soarchgroep wie yn novimber al bekend makke dat der 140 banen ferdwine soene. Der moast doe noch 2,6 miljoen euro ekstra besunige wurde.

Dat plan is no útwurke. Mei-inoar giet it no dus om it skrassen fan 197 fulltime wurkplakken. It nije baneferlies sil plakfine by de skjinmakkers, de technyske tsjinst en de sjauffeurs. Dat wurk sil útbestege wurde.

By soarchgroep Alliade binne de ferstanlik hendikeptesoarch fan Talant ûnderbrocht en Meriant, de organisaasje foar âldereinsoarch. Ofrûne moandei is it nijs oer it baneferlies meidield oan it personiel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)