LED lampen foar vv Oostergo

In fuotbal
Fuotbalferiening Oostergo út Ie krijt LED ferljochting op it fuotbalfjild. De fuotbalklup krijt finansjele stipe fan de gemeente Dongeradiel. Neffens wethâlder Albert van der Ploeg is dit in moaie pilot foar it duorsum meitsjen fan mear fuotbalfjilden yn de gemeente. "Duorsum duorret langer, kostet minder en leveret úteinliks mear op. Dus wat LED ús", lit Van der Ploeg witte.
De nije LED ferljochting ferminderet de útstjit fan CO2 en besparret de fuotbalklup boppedat 500 euro yn it jier oan enerzjykosten.
De pilot sil takom jier evaluearre wurde. Mochten de resultaten posityf wêze, dan sil de gemeente de oare seis fuotbalklups motivearje om ek op LED oer te stappen.