Wachtlist trekkerrydbewiis

06 feb 2014 - 16:17

Der driigje wachtlisten foar it trekkerrydbewiis te ûntstean. Minsken dy't no gjin gewoan rydbewiis hawwe en ek gjin sertifikaat foar de trekker meie fan takom jier ôf net mear de dyk út. Fan 1 jannewaris takom jier ôf wurde de regels oanskerpe. No is relatyf maklik om sa'n rydbewiis te heljen.

Om't de trekkers hieltyd hurder ride en somtiden tonnen oan fracht mei hawwe, is oanpassing fan de regels needsaaklik. De eksamens sille ôfnaam wurde troch itselde buro dat it ek docht foar it frachtautorydbewiis.

Trefwurden: 
trekkerrydbewiis
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)