51 parkearboetes by Cambuur

06 feb 2014 - 16:14

De plysje hat woansdeitejûn 51 bekeurings útskreaun yn de buert fan it Cambuurstadion yn Ljouwert. Under de wedstriid tsjin PSV waard in grutte parkearkontrôle hâlden. De measte auto's stiene bûten it parkearplak op in wenhiem of op it trottoir.

De plysje warskôget dat by elke thúswedstriid fan Cambuur parkearkontrôles hâlden wurde.

(advertinsje)
(advertinsje)