Promoasjefûns Waadgebiet

Der komt in ynternasjonaal fûns dêr't it Waad as ien wrâlderfguodgebiet mei oanpriizge wurdt. Dêroer binne Nederlân, Dútslan en Denemarken it iens wurden op in Waadkonferinsje dy't fan 'e wike hâlden wurdt yn Denemarken.
Dêr binne ôfspraken makke oer de beskerming fan de fûgeltrekrûte tusken it Poalgebiet en Súd-Afrika dêr't ús Waad in wichtich ûnderdiel fan is. Duorsum toerisme is ien fan de saken dy't meihelpe kin by de beskerming fan it Waad, mar dan moatte de toeristen it gebiet wol fine kinne. Dêr kin it nije fûns by helpe.
Foar it fûns is jild nedich. Besjoen wurdt oft it bedriuwslibben sels dêrfoar jild stoarte wol yn it nij Waadfûns.