Saak-Murkje de Vries foar hôf

Fjouwer saakkundigen binne der net wis fan dat de man út De Harkema dy't seis jier lyn syn eks-freondinne deasketten hat, dat ûnder ynfloed fan antydepressiva die. Tagelyk slute se it net út. Dat seine se tongersdei foar it Gerjochtshôf yn Ljouwert.
Murkje de Vries út Koatstertille waard seis jier ferlyn deasketten troch har eks-freon. Earder waard sein dat de fertochte nea ta syn die kaam wie, as er net ûnder ynfloed west hie fan antydepressiva. Dat wie de konklúzje fan it ûndersyk fan de Pompeklinyk yn Nijmegen.
De saakkundigen moasten dúdlikens jaan, mar se koene ek net sizze oft de medisinen der wat mei te krijen hiene.