Sotsji: Smeekens & Kleibeuker

06 feb 2014 - 12:06

De Olympyske Spelen yn Sotsji begjinne hast. Mear as tsien Fryske sporters komme yn aksje by it reedriden, shorttrack en bobslydzjen. It grutste part fan harren is hikke en tein yn Fryslân. Mar fjouwer dielnimmers binne jierren ferlyn nei ús provinsje kaam fanwege de sport. Dêrom hjoed op www.omropfryslan.nl de profilen fan de twa 'ymportFriezen': Jan Smeekens (26 jier, Snits, reedride) en Carien Kleibeuker (35 jier, It Hearrenfean, reedride).

Jan Smeekens
Jan Smeekens is berne yn Raalte (Oerisel), mar hy hat wat mei Fryslân, omdat er al in skoft yn Snits wennet. Syn bynamme is ‘de Japanner van Salland’. As Jan Smeekens docht wat er it ôfrûne seizoen geregeld die, dan hat er in moaie jierdei. Yn it seizoen 2012-2013 wûn er nammentlik de wrâldbeker op de 500 meter. Sân kear wie er dat seizoen de rapste op de koartste ôfstân. Op de dei nei syn 500 meter yn Sotsji wurdt er 27 jier. Jan Smeekens is in echte 500-meter-spesjalist. Op de Olympyske Spelen fan 2010 yn Vancouver waard er sechsde. Oant no ta waard er fiif kear Nederlânsk kampioen op de ôfstân. Op it WK ôfstannen fan 2013 yn Sotsji wûn er de earste 500 meter, op de twadde waard er fiifde. It einresultaat wie in brûnzen medalje.
Jan Smeekens rydt yn Sotsji de 500 meter.

Carien Kleibeuker
Carien Kleibeuker waard berne yn Rotterdam. As lyts famke hat se yn Fryslân wenne en letter fan 2000 ôf is se hjir bleaun. Se wie miskien wol de grutste ferrassing op it Olympysk kwalifikaasjetoernoai fan ein desimber 2013 yn Thialf. Doe wûn se de 5000 meter yn in nij persoanlik rekôr fan 6.57.30. Sadwaande mei de maratonrydster foar de twadde kear yn har karriêre meidwaan oan de Olympyske Spelen. Acht jier lyn yn Turijn waard se tsiende op de ôfstân dy’t se op 19 febrewaris ek yn Sotsji ride sil. Mei har 35 jier wurdt Carien Kleibeuker de âldste Nederlânske reedrydster ea op de Winterspelen.
Carien Kleibeuker rydt yn Sotsji de 5000 meter.

Sjoch hjir nei de profilen fan Ireen Wüst en Margot Boer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)