Yllegale taksys Dongeradiel

By in kontrôle yn de gemeente Dongeradiel binne twa yllegale taksyriders oanhâlden. Sy hawwe ûnder de reguliere taksypriis persoanen mei de auto earne brocht, wylst se net de ferplichte taksypapieren hawwe. Se binne dus yllegaal oan it wurk.
Neffen de plysje is der is sprake fan ûnearlike konkurrinsje. De klanten rinne ek risiko, want de sjauffeurs binne net fersekere. De plysje sil faker kontrolearje op yllegaal taksyferfier troch partikulieren.