Cambuur-AZ in dei letter

Cambuur-Twente © Dijks fotografie
De wedstriid Cambuur-AZ dy't op sneon 29 maart hâlden wurde soe, is in dei ferskood. Dat is fanwege de atoomtop dy't op 24 maart yn Den Haag hâlden wurdt. Dêrtroch wurde de bekerwedstriden ferpleatst, wêrûnder dy tusken AZ en Ajax.
Cambuur-AZ is no op sneintemiddei 30 maart. Oer de wedstriid tusken Utrecht en Cambuur yn it wykein foar de atoomtop wurdt freed in definityf beslút naam.