Red de Sionsberg nei Den Haach

11 feb 2012 - 14:29
Foto: Ronnie Porte

De aksjegroep Red de Sionsberg organisearret op 'e nij busreizen nei Den Haach om te pleitsjen foar it iepenhâlden fan it Dokkumer sikehûs. De bussen ride op 15 febrewaris en 7 maart. Dan wurdt yn de Twadde Keamer debattearre oer streeksikehuzen. Red de Sionsberg besiket de polityk dúdlik te meitsjen dat folweardige soarch yn Noardeast-Fryslân oereinbliuwe moat.

Dat jildt dan ûnder oare foar de spoedeaskjende help en de ôfdieling kardiology.

(advertinsje)
(advertinsje)