Brutale oerfal yn Snits

By in wettersportbedriuw yn Snits hat woansdeitejûn in wapene oerfal west. Twa maskere, wapene mannen kamen om kertier oer achten it bedriuw oan de Hendrik Bulthuisweg yn. Dêr wiene twa manlju oan it wurk. Dy waarden fêstbûn en mishannele.
De oerfallers woene jild hawwe en se trochsochten it bedriuw. De plysje tinkt dat se bút meinaam hawwe. Wat dat krekt is, is net bekend. Doe't de manju fuort wiene, koe ien fan de slachtoffers himsels befrije. Hy hat 112 belle. De plysje hat daliks it plak fan it misdriuw ôfset en in buertûndersyk dien.
De beide wurknimmers rekken ferwûne by de oerfal. Se binne behannele yn it sikehûs.
De oerfallers binne fuortriden yn in ljocht buske. De plysje is op syk nei minsken dy't nei healwei achten woansdeitejûn wat fertochts sjoen hawwe op yndustyterrein It Ges yn Snits.