Soad primeurs op Boot Holland

De 24e edysje fan Boot Holland dy't freed fan start giet yn it WTC-Expo yn Ljouwert hat mar leafst 65 primeurs dy't noch net earder op in beurs te sjen wiene. Boppedat wiene de 250 beskikbere plakken op de beurs samar fersein.
Boot Holland wurdt sjoen as it begjin fan it nije wettersportseizoen. Der wurde in 45.000 besikers ferwachte. Ferline jier wiene dat noch goed 36.000.