'De Lemmer gjin twadde Almere'

Lemsters binne benaud dat har wenplak in twadde Almere wurdt. Dat waard woansdeitejûn dúdlik op in riedsgearkomste fan de gemeente De Fryske Marren. Dêr waard praat oer de plannen foar de bou fan 28 apparteminten oan de Rien. It kompleks moat it heechste gebou fan De Lemmer wurde. Dat gebou soe troch de hichte de sichtlinen fan De Lemmer skeine en dat soe min wêze foar de funksje 'poarte fan Fryslân'.
Neffens ferantwurdlik wethâlder Frans Veltman falt it mei de hichte wol ta. De ried nimt takom wike in beslút.