Soargen oer gefaarlike stoffen

05 feb 2014 - 21:25

De steatefraksje fan de ChristenUnie makket him soargen oer it ferfier fan gefaarlike stoffen oer it Fryske wetter. De fraksje wol fan it kolleezje witte wat de risiko's fan it transport binne, benammen no't hieltyd mear brêgen fan ôfstân of automatysk betsjinne wurde.

Begjin dizze wike gie it mis by Strobos. Dêr kaam in skip mei metanol yn oanfarring mei in brêge. Nei alle gedachten om't de brêge automatysk ticht gie, wylst it skip der noch net hielendal ûndertroch wie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)