Man ferwûne by beamseagjen

Traumahelikopter © ANP Kippa
Yn Starum is woansdei in man slim ferwûne rekke by it seagjen fan in beam. De man stie op in pallet boppe op in heftruck, doe't er troch in tûke rekke waard. It slachtoffer is mei de traumahelikopter oerbrocht nei it sikehûs fan Grins. De traumahely moast ek yn aksje komme by in ûngelok yn Aldemardum. Dêr waard in man oanriden troch in auto mei oanhinger. It slachtoffer is mei noch ûnbekende ferwûnings oerbrocht nei it sikehûs yn Ljouwert.