Jild foar doarpssintra

05 feb 2014 - 19:37
Jild

De gemeente Frjentsjerteradiel lûkt 5,1 miljoen euro út foar it opknappen fan ferskate doarpssintra. It giet om it sintrum fan Easterbierrum, Seisbierrum en Tsjummearum. It jild komt út in spesjaal fûns dat ynsteld is as kompensaasje foar de problemen troch boaiemdelgong en klimaatferoaring. It opknappen fan de sintra is al lang in winsk fan de doarpen. De gemeente giet yn oerlis mei de doarpen oer de krekte ynfolling fan de plannen. Yn 2017 moat alles klear wêze.

(advertinsje)
(advertinsje)