D66 noed oer baneferlies UPC

Fúzje Ziggo en UPC © ANP
D66 Ljouwert makket him grutte soargen oer de wurkgelegenheid by UPC yn Ljouwert. Neffens de partij driigje mooglik 600 banen te ferdwinen as de fúzje tusken UPC en Ziggo trochgiet. Memmebedriuw Liberty Global fan UPC hat sein alle aktiviteiten yn Nederlân bondelje te wollen op in haadkantoar yn Utert.
Dat soe betsjutte dat it kantoar yn Ljouwert sletten wurdt. D66 wol dat it kolleezje sa gau mooglik om tafel giet mei UPC en Ziggo om oer dy sluting te praten.