Thússoarch wurdt komplekser

05 feb 2014 - 17:12

Troch de strangere talittingseasken foar in plak yn it ferpleech- of fersoargingshûs krije meiwurkers fan de thússoarch hieltyd faker kliïnten dy't kompleksere soarch nedich hawwe. Fryske thússoarchorganisaasjes hawwe har dêr de ôfrûne jierren op ferskate wizen op taret, troch personiel in ekstra oplieding te jaan of de wize fan soarch oan te passen. Ek meiwurkers fan thússoarchorganisaasje De Friese Wouden fernimme dat har kliïnten minder gau te plak kinne yn in tehûs.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)