Avanti ûnderút tsjin koprinner

11 feb 2012 - 13:34

De sealfuotballers fan Avanti gongen freedtejûn mei 13-5 ûnderút tsjin koprinner CFE. De gasten út Eindhoven wienen bloedtûk yn de Iehal yn Stiens. Nei sân minúten seach Avanti al tsjin in 5-0 efterstân oan. Mei it ienige Stienser doelpunt yn de earste helte wist Tim Hof de stân foar de tee op 8-1 te bringen.

Nei it skoft wie Avanti in stik skerper. Troch doelpunten fan Wasim el Baroudi, opnij Tim Hof en twa kear Harke Kalsbeek kamen de Stiensers werom oant 11-5. Dêr einige de ynhelrace. Avanti stiet noch altyd op it ien nei lêste plak.

Trefwurden: 
Avanti zaalvoetbal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)