FNV lilk oer ûntslach Ballast

Logo FNV Bondgenoten © FNV Bondgenoten
Fakbûn FNV is lilk oer de ekstra reorganisaasje by Ballast Nedam. It boubedriuw hat bekend makke meikoarten nochris 150 minsken dien te jaan, boppe op de reorganisaasjes dy't al geande binne. It fakbûn begrypt der neat fan, omdat it boubedriuw koartlyn de opdracht binnen helle hat foar it bouwen fan it nije Thialf.
Boppedat is it FNV fernuvere dat sy net yn it foar op de hichte steld binne fan de reorganisaasjeplannen.